Maandelijks archief: oktober 2014

Utlis oer de ôfbylding

IMAG0495

Hjir sjogge wy de ôfbylding fan Ruth en Naomy hielendal goed. No is it hiel goed te sjen dat Naomy foarút sjocht nei har takomst yn Bethlehim. Ruth sjocht werom, mar hâldt har fêst oan Naomy. It is foar har net maklik om út har lân wei te gean, mar dochs kiest hja foar Naomy.

Hjir folget it foaropwurd, sa’t it yn de partituer komt

Foaropwurd

Wy sjogge de bylden hast deistich op it skerm. Minsken dy’t op’e flecht binne foar oarloch en honger. It is in ferhaal fan alle tiden. Hjoed-de-dei komt it yn al syn bitterheid faak en folop ús húskeamers yn.

Dat it in hiel âld gegeven is, docht ek bliken út it oerâlde en yndrukwekkende Bibelske ferhaal oer Ruth. Dit foarbyld fan Easterse fertelkeunst is faak ferteld, foarlêzen, foardroegen en op muzyk set. Ek yn Fryslân.

De teksten fan dizze Fryske musical binne fan Folkert Verbeek, in tal ferbinende teksten fan Jeltsje Gerbrandy en de musyk is fan Hindrik van der Meer.

Yn april 2002 waard dizze musical foar it earst útfierd troch de tsjerklike federative gemeente yn de Lege Geaën. Earst yn de sporthal fan Sibrandabuorren, mar troch de grutte tarin letter ek yn de “Harmonie” yn Ljouwert en “De Lawei” yn Drachten. It sjongspul is no offisjeel útjûn troch muzykútjouwerij “Intrada” op it Hearrenfean. It “Kwartettekoar” ûnder lieding fan Hindrik van der Meer sil Ruth yn de rin fan 2014 útfiere. Dat “Kwartettekoar” is yn 2007 oprjochte om de Fryske tsjerken te ferrykjen mei nije liturgyske teksten. Faak binne it teksten fan Eppie Dam op muzyk fan Hindrik van der Meer.

Advertenties