Maandelijks archief: november 2014

Oer de ynhâld…

Musical Ruth

Tekst: Folkert Verbeek. Musyk: Hindrik van der Meer

Yn de wike foar Pinkster op 16 en 17 maaie sil yn de Lawei yn Drachten troch it Kwartettekoar ûnder lieding fan Hindrik van de Meer de Fryske Musical Ruth útfierd wurde. It is in hiel besûndere musical dy’t professioneel optúcht wurdt mei musikanten, tonielregisseur, dekorûntwerper.

Dizze musical is basearre op it bibelboek Ruth. Ruth is in Moabityske frou. De Moabiten binne fijannen fan Israel. Dochs ha dy in Joads gesin, dat foar de honger flechte is nei Moab, ûnderdak jûn. De Moabityske Ruth trout mei in Joadske man út dit gesin, mar dy stjêrt al gau nei har trouwen. Letter beslút Ruth mei har skoanmem Naomy mei te gean nei  Israel om dêr in nij bestean op te bouwen. En dat slagget op wûnderbare wize tige goed.

Dizze musical is hiel bysûnder. It ….

–  beskriuwt de honger yn Bethlehim op sa’n wize dat je oan alle honger op ierde tinke.

–  beskriuwt de pine fan it flechtsjen út eigen wenplak op sa’n wize, dat men daliks oan de emigraasje tinkt út Fryslân.

–  beskriuwt de oankomst yn Moab op sa’n wize dat je de reaksjes út it eigen doarp deryn heare.

– beskriuwt it trouwen fan de beide jongens fan Naomy yn Moab op sa’n wize dat je werom tinke oan de trouwerijen sa as dy yn ‘e Fryske doarpen wiene.

–  beskriuwt it ferlies fan Elimelech, Machlon en Chiljon, op sa’n wize dat alle needlot yn ús eigen libben derby belutsen wurdt. Om ‘t it yn’t Frysk is komt it foar my djipper oan.

–  beskriuwt Orpa as in frou dy ‘t har wol fan de eigen sibbe losmeitsje wol, mar it krekt net kin.

–  beskriuwt de weromkomst fan Naomy yn Bethlehem op in wize, sa’t it ek yn it eigen doarp gean soe.

–  beskriuwt de risping yn Bethlehim op sa’n wize dat je werom tinke oan de rispingen op it Fryske fjild en de gefoelens dy’t dan maklik opkomme by it skoftsjen.

–  beskriuwt op deselde wize de trouwerij fan Ruth en Boaz.

–  beskriuwrt de berte fan it lytse berntsje Obed as de berte fan in Frysk jonkje.

 Al mei al komt it ferhaal fan Naomy en Ruth folle tichterby.

Mar ek en dêrtroch komt de bedoeling fan it boek tichterby: Hoe’t de wet fan Israels God lok en seine bringt ûnder de minsken. Mar tagelyk wurdt ek dúdlik dat wy kreatyf en ferstannich mei dy wet omgean moatte wol dat slachje. Dat hiele gewoane gefoelens ek meidwaan meie en dat wy soms wat tafal nedich ha.

It ein fan de musical is in skot yn ‘e roas.

De musyk fan Hindrik van der Meer is prachtich, leit maklik yn’t gehoar en fersterket oeral de moaie, kreative teksten fan de skriuwer Folkert Verbeek.

Groetnis  Sipke (ien fan de tenoaren).

Advertenties

It gie dat it slydjage…

Wat hawwe wy snein 9 novimber  in protte dien! Fantastisch dat sjongen mei it orkest en de solisten derby!

Hast alle rollen binne ferdield en de regisseuse is al drok oan it tinken hoe as it aanst mei it spyljen moat!

Mar earst it sjongen hiel goed oefenje en dat is genietsje!

2014-11-09 Baaium Kw Koar Ruth 008 IMAG0637

Oefenje op snein 9 novimber!

Bêste Ruth-sjongers!

Oankommende snein sille wy wer oefenje foar Ruth!

Ha jim der ek sa’n sin oan? Fêst wol!

Wy hoopje fansels dat jim allegear komme kinne, want dizze kear is it wol hiel bysûnder. Hindrik skriuwt hjiroer:

It wurdt snein in bysûnder feestlik barren foar it Kwartettekoar. Foar de earste kear oefenje wy mei it folsleine orkest en (hast) alle solisten.

Orpa wurdt songen troch Sjoeke Rypma, Naomy troch Tine Sijtsma, Boaz troch Hans Wempe, en Elimelech troch Jan Altenburg.

Elske Roorda, ús regisseur en Anneke Hoogeveen, ús klaaister binne der ek beide om ydeeën op te dwaan.

De muzikanten binne: Reimer Rondaan perkussy, Jehannes de Graaf piano, Ilse Schreur klarinet, Jeltsje Sybesma hoarn, Martijn van Dongen blokfluit, Jef Oosting fagot, Anita de Boer sello, Gea Dijkstra kontrabas, Grietsje Kaarterberg altsaksefoan, Thomas Sybesma trompet, Lotte Donker trompet, Pieter Durk van Jaarsveld tromboane.

De muzikanten begjinne al te rippetearjen om alve oere de moarns. Reimer Rondaan en ik hawwe dan de lieding. Nei it sop en de broadsjes hoopje wy der klear foar te wêzen om jim goed te begelieden!

As Kwartettekoar sille wy fansels alle nijkommers fan herte wolkom hite. Wy hoopje mei harren in prachtige tiid te hawwen!

Freedtejûn hawwe jim noch de kâns om yn Itens ekstra te oefenjen. Wy begjinne dan wer om healwei achten.

Oant sjen! Hindrik.

De ynrin is wer fanôf 13.00 oere en fanôf 13.30 oere begjinne wy mei it sjongen!

It fynt wer plak yn Baayum.       Oan ’t snein!

Ofskied fan Naömy

 

 

 

It Kleiliet, it twadde liet yn de musical

De manlju binn’te lider slein, de memmen harren rie te’n ein;

sy kin har berntsjes net mear fuorje, o God lit dit net langer duorje.

Hoe binne will’ en fleur belúne  hjir yn it lân fan molk’en huning.

It folk hat mei de lege mage   lûd bearend bidden, flokt en klage

honger teistert geast en lea,        honger, honger, ’t giet om dea!

 

Sa skrinend is ‘t, ja dûbelsear, it Breahûs hat gjin iten mear

wol rynsk is Juda’s fjild besiedde, mar wat jout wrotten, hoopjen, bidden

kin men by deade, lege ieren   opteine rispingfeesten fiere?

Is dizze rampspoed soms in boade   te flechtsjen nei in fruchtb’re oarde?

Honger teistert geast en lea,       honger, honger, ’t giet om dea!