Maandelijks archief: december 2014

Ruth, sa aktueel!

Ruth, fan alle tiden en aktueel

Wy sjogge tsjintwurdich de bylden mar al te faak op it skerm: Minsken dy’t op’e flecht binne foar oarloch en honger. It is it ferhaal fan alle tiden mar it is hjoed-de-dei yn al syn bitterheid yn ús húskeamers te sjen. It is faak om moedeleas fan te wurden en de hope op bettere tiden te ferliezen.

Yn it oerâlde Bibelske ferhaal oer Ruth giet it oer itselde. Hoe faak soe har ferhaal al net trochferteld, foarlêzen, foardroegen en op muzyk set wêze? Al yn de tiid fan it Alde Testament besochten minsken elkoar hoop te jaan troch it fertellen fan hoopfolle ferhalen. De hoop is de reade tried yn it ferhaal fan de “allochtone” Ruth, mar ek seker fan har skoanmem Naomy, dy’t de iene ramp nei de oare oer har hinne kriget.

Dit tagelyk âlde, mar ek aktuele ferhaal wurdt op de planken set troch it bekende Kwartettekoar ûnder lieding fan Hindrik van der Meer. De muzyk is ek fan Van der Meer, de teksten binne fan Folkert Verbeek. Mei it grutte koar, it orkest (Reimer Rondaan), it bernekoar (Martijn van Dongen) en de dûnsers (Nathalie Olivero) wurdt hurd wurke om dit sjongspul op 16 maaie de jûns en 17 maaie de middeis op eigentiidske wize yn de Drachtster Lawei út te fieren

 

 

Ruth, it ferhaal!

Ruth, it ferhaal

Der is honger yn Bethlehem. Honger, it klinkt desto skrinender om’t de namme Bethlehem “breahûs” betsjut. Elimelich en Naomy dy’t dêr wenje, flechtsje om de hongersneed te ûntrinnen en besykje yn Moab in nij bestean op te bouwen. Ta grut fertriet fan Naomy stjert Elimelich dêr yn de frjemdte. Har soannen Machlon en Kiljon hechtsje harren lykwols oan it nije lân. Se trouwe mei de Moabityske fammen Orpa en Ruth. Grut feest: twa brulloften tagelyk.

Mar dan brekt der foar de famylje op’e nij in bittere tiid oan. It kin net tryster: beide soannen fan Naomy ferstjerre. Trije widdowen. Naomy – har namme betsjut “de leaflike”, feroaret har namme yn “Mara”, de bittere. Hja is har rie te’n ein en beslút werom te gean nei har bertelân. “Bliuw jim hjir mar”, seit se tsjin har skoandochters. “Wat ha jim yn Bethlehem te sykjen”. Orpa en Ruth twivelje beide. Orpa bliuwt yn Moab, mar Ruth giet mei. ”Jo folk is myn folk, Jo God is myn God” seit se.

Yn Bethlehem, it bertedoarp fan Naomy is it de tiid fan de rispinge. Naomy stjoert har “allochtone” skoandochter nei it fjild fan Boäz, noch in fier famyljelid, om dêr de lizzen bleaune ieren te sykjen. Boäz mei Ruth wol lije en jout opdracht oan syn arbeiders flink wat moaie ieren lizze te litten. Ruth hat dat wol murken en fertelt dat oan har skoanmem. Naomy is optein en jout Ruth de ried om op in nacht stikum by Boäz op’e terskflier lizzen te gean. De twa wurde fereale en wolle wol trouwe. Der moat lykwols earst “lost” wurde. Dat wie in tradysje yn Israël. Dy plicht en dat rjocht hâlde yn, dat, as der in frou widdo waard, in manlik famyljelid har ta frou nimme moast. Yn dit gefal wie dit de hear “Dinges”.  Hy is “losser” earste kar. Ta freugde fan Boäz wol Dinges lykwols net mei de “Moabityske” trouwe. “Dinges” jout as teken dêrfan – dat wie ek tradysje – syn skoech oan Boäz. Dan kinne Boäz en Ruth trouwe en is it grut feest yn Bethlehem.

It lok kin net op, want nei ferrin fan tiid wurdt de lytse Obed berne. Naomy hat in beppesizzer! Nei dizze berte feroaret bitter wer yn swiet. “Mara” wurdt wer “Naomy”, en der is wer takomst foar it folk.

Hindrik