Maandelijks archief: januari 2015

Fierder oefenje

Wat hawwe wy wer mei nocht oan it oefenjen west!

Freedtejûn mei in groep froulju yn Itens!

Sneontemoarn yn Winsum oan it dûnsjen û.l.f. Nathalie!

No’t alles dúdliker wurdt krije wy der in soad betrouwen yn dat it hiel moai wurde sil!! Op de foto’s binne de alten oan it ynoefenjen en de sopranen harkje ta!

 

De alten studearje Sopranen harkje nei de alten

Advertenties

Berjocht oer 7 febr. en mear…

UTFIERINGS: sneon 16 maaie 20.00 oere EN snein 17 maaie 15.00 oere yn de Lawei yn Drachten!
Bêste Ruth sjongers
Freedtejûn hawwe wy mei in aardich grutte ploech oan it oefenjen west.
Wy fine allegear dat it wol wichtich is om mear meiïnoar te oefenjen, want it moat fansels wol sà klinke dat minsken der pikefel fan krije!
*De mannen sille al ekstra oefenje op sneon 24 jannewaris, moarns om 9.30 oere yn Itens.
(Guon ha noch gjin reaksje jûn, dogge jim dat noch efkes???)
*Freedtejûn 30 jannewaris is der wer in kâns yn Itens!
*De earste grutte rippetysje stiet pland op sneon 7 febrewaris.
Graach wolle wy dan de hiele dei meinimme!
Wy begjinne dan moarns al om 10.30 oere! Dan hawwe wy ekstra tiid op in dei dat elkenien dochs al ûnderweis is.
Middeis sil de regisseur der, hoopje wy, by wêze. Dan is der minder tiid om op de krekte sang te letten.
Wolle jim dy sneontemoarn ek alfêst op de kalinder skriuwe? WANT FOARDAT WY IT WITTE IS IT AANST AL MAAIE!
Ik hoech no noch gjin reaksje. De echte útnoeging komt letter.
BESYKJE WOL ALLE GRUTTE RIPPETYSJES DER TE WÊZEN, want elkenien moat alle ôfspraken goed meikrije!
*Fan Tine (Naomy) krige ik noch in link tastjoerd mei suggesjes foar ‘it út de holle learen’.
Ûnderoan steane praktyske tips!  Besykje it mar ris.
*Fierder hawwe wy in weblog en in facebookpagina.
Stjoer dy links sa folle mooglik troch nei famylje en freonen om it goed ûnder de oandacht te bringen:
Letter mear, groetnis Nienke.

Oefenje yn Itens

Bêste sjongers!
Wat hawwe wy snein wer moai oan it sjongen west!
Hindrik sei: ‘Wat al in sfear mei de koarsjongers, de solisten en it orkest!’
Mar hy sei ek: ‘It wie bêst genôch, mar der sit noch mear yn. Wy moatte der mei boartsje kinne!’
Om my hinne murk ik ek wol dat in hiele protte sjongers dat ek wol sa fine.
Jim wolle it allegear ek wol graach nóch better yn ‘e fingers ha.
En dat is fansels in hiele goede hâlding, prachtich!
De ekstra mooglikheden op de freedtejûn yn Itens binne der noch!
In moaie gelegenheid om it better yn ‘e fingers te krijen.
Ik set de data efkes op in rychje: freed 16 jannewaris (= oankommende freed!), freed 30 jannewaris en freed 13 febrewaris.
Foar oankommende freedtejûn wurde jim allegear fan herte útnoege!
As jim kinne……., dan soe ik sizze ‘net stinne, mar hinne!’
It begjint om 19.30 oere yn de tsjerke fan Itens!
Wa wit, oant sjen!
Groetnis Nienke
 IMAG0783 IMAG0786 IMAG0787 IMAG0788 IMAG0784