Oefenje yn Itens

Bêste sjongers!
Wat hawwe wy snein wer moai oan it sjongen west!
Hindrik sei: ‘Wat al in sfear mei de koarsjongers, de solisten en it orkest!’
Mar hy sei ek: ‘It wie bêst genôch, mar der sit noch mear yn. Wy moatte der mei boartsje kinne!’
Om my hinne murk ik ek wol dat in hiele protte sjongers dat ek wol sa fine.
Jim wolle it allegear ek wol graach nóch better yn ‘e fingers ha.
En dat is fansels in hiele goede hâlding, prachtich!
De ekstra mooglikheden op de freedtejûn yn Itens binne der noch!
In moaie gelegenheid om it better yn ‘e fingers te krijen.
Ik set de data efkes op in rychje: freed 16 jannewaris (= oankommende freed!), freed 30 jannewaris en freed 13 febrewaris.
Foar oankommende freedtejûn wurde jim allegear fan herte útnoege!
As jim kinne……., dan soe ik sizze ‘net stinne, mar hinne!’
It begjint om 19.30 oere yn de tsjerke fan Itens!
Wa wit, oant sjen!
Groetnis Nienke
 IMAG0783 IMAG0786 IMAG0787 IMAG0788 IMAG0784

Plaats een reactie