Maandelijks archief: februari 2015

Webside fan De Lawei

Wy steane op de webside fan de Lawei!

*Op www.lawei.nl kinne jim by ‘zoeken’ Kwartettekoar yntype, dan komme dêrnei de data derfoar.

As jim dêrop klikke komt der mear ynformaasje mei de flyer! Jim kinne dit berjocht diele op bgl Facebook of trochstjoere mei email nei al jim kontakten!         Sjoch mar gau op de side!

*Sjoch ek op https://itkwartettekoar.wordpress.com/  en/of op www.facebook.com/itkwartettekoar  !!!

Foar ús is it geunstiger as jim de kaarten by ús bestelle!

Alle leden fan It Kwartettekoar kinne foar kaarten soargje!

 

Kaarten kinne kocht wurde!

Bêste Ruthsjongers

Dizze kear in protte ynformaasje:

1. Sneon 7 febrewaris:

*Us nije regisseur Tsjerk Kooistra sil dizze dei alles besjen en belústerje om syn ideeën allegear foarm jaan te kinnen.  Wy kinne al ferklappe dat hy hiele moaie ideeën hat! As dat allegear slagget dan wurdt it hiel bysûnder!

*Wy begjinne mei it koar om 10.30 oere te oefenjen!  Rûn 12.30 hawwe wy skoft en om 13.30 oere begjinne wy wer.

*Jim hoege GJIN iten mei te nimmen. “It wurdt oanbean troch ien fan ús leden, dy’t it KK in waarm hert tadraacht”. Dit is dochs wol hiel super! Yn ‘t foar wol ik dyjinge alfêst tige tankje!

2. It is moai te fertellen dat de dûnsers ek begûn binne! Ek dat komt hielendal goed mei de goede ideeën fan Nathalie.     En fansels de bern! Dy binne ek drok oan it oefenjen û.l.f. Martijn! Ek dit komt hielendal goed!

3. Data

*Ik krige noch in mail mei in fraach oer de data. Efkes op in rychje:

– op freedtejûn 13 febr om 19.30 oere yn Itens

– op snein 8 maart, as it nedich is dan is it al fanôf 10.30 oere

– op sneon 11 april, miskien ek wol fanôf 10.30 oere

– it Ruth wykein fan freed, sneon en snein op 8, 9 en 10 maaie.

Sneintemiddei 10 maaie nimme wy alles troch yn de Lawei!!!!

– UTFIERINGS op sneon 16 en snein 17 maaie!

(As der in hiele protte kaarten ferkocht wurde, kin it wêze dat wy op sneintejûn 17 maaie noch in ekstra foarstelling jowe.)

*Tige wichtich om no dizze data fêst te setten op jim kalinder!!!

 

4. Kaarten bestelle

Fansels ek in hiel wichtich punt!

Priis: € 15,00 (ynclusyf in pauzedrankje!)

Foar bern o/m 12 jier is it € 10,00 (ek ynclusyf in pauzedrankje!)

Jim kinne fanôf sneon 7 febrewaris kaarten meinimme om te ferkeapjen!

Djoke, Bernarda, Gretha en ik (Nienke) hawwe in list wêrop jim tekenje moatte foar de kaarten dy’t jim meinimme.

As jim kaarten ferkocht ha kinne jim de sinten by ús ynleverje (kontant) en it oantal ôftekenje. Kaarten dy’t jim dan oer ha, kinne jim wer ynleverje.

Handiger soe wêze as jim yn’t foar al witte hoefolle kaarten jim nedich ha! En jim kinne ús fansels altyd maile as belje om mear kaarten!

De kaarten kinne ek besteld wurde op de webside fan De Lawei, mar dat is foar ús djoerder. Leaver dus dat wy meiïnoar safolle mooglik ferkeapje!

 DUS: in soad reklame meitsje!!

Der binne sneon ek losse flyers. Nim mar in steapeltsje mei om út te diele bgl yn jim tsjerke of by gearkomsten!IMAG0798

Tige de groetnis, Nienke.