Maandelijks archief: maart 2015

Dûnsje en sjonge

Ruth flyer_nieuw2IMAG0973IMAG0977IMAG0975IMAG0905IMAG0864

Advertenties

22 maart mei Folkert Verbeek

Op snein 22 maart wie it wer in drokte yn Weidum! Dêr waard wer in hiele protte songen en oefene foar de útfiering fan De Fryske Ruth op 16 en 17 maaie! Jim witte it? Kaarten foar 15 euro mei gratis konsumpsje binne te bestellen fia nibori62@hetnet.nl! Dit meie jim net misse!

De skriuwer fan de sjongteksten, Folkert Verbeek, kaam efkes lâns. Hiel bysûnder! Fansels moast er efkes op de foto!                                                    !IMG_5696IMAG0910

 

 

 

 

 

 

 

 

Ruth yn Akkrum

In foarpriuwke fan De Fryske Ruth, ôfrûne sneon yn Akkrum, troch in lyts groepke fan It Kwartettekoar en de solisten! De útfiering mei de grutte ploech is op 16 en 17 maaie yn De Lawei! Kaarten fia nibori62@hetnet.nl foar 15 euro!

Ruth yn Akkrum

Snein 8 maart

Wat in bysûndere snein hawwe wy hân! De hiele dei drok oan it oefenjen foar ús musical! Mei orkest, solisten en koar. Moarns it orkest û.l.f. Reimer, de solisten û.l.f. Tsjerk en it koar û.l.f. Hindrik!

De middeis mei syn allen in trochrin meitsje! In hiel grut barren! Dan docht bliken dat der al in protte bard is! Mar ek dat der noch in protte barre moat!

In wiere útdaging! In fantastyske útdaging! Wy hawwe der allegear sin oan!

Hat elkenien al kaarten besteld? Wol dwaan! It kin fia nibori62@hetnet.nl of fia De Lawei! Fansels stean de data al op de kalinder: 16 maaie om 20.00 oere en 17 maaie om 15.00 oere!

IMAG0875 IMAG0876 IMAG0861 IMAG0862

1 maart Weidum

No moat alles te plak falle! De regisseur hat hjoed drok mei ús dwaande west!

Ha jim allegear al kaarten kocht foar 16 of 17 maaie? It kostet mar 15 euro en dan sit der ek noch in pauzedrankje yn! Op 16 maaie is de útfiering om 20.00 oere en op 17 maaie om 15.00 oere!  Kaarten kinne  jim bestelle by De Lawei of by nibori62@hetnet.nl                                   Wol dwaan fansels!!!

IMAG0860