Maandelijks archief: november 2015

Wát in projekt!

Hiel stadich komme wy wer in bytsje mei de fuotten op ‘e grûn…. Wát in projekt ‘Ús Ruth’! Wy binne as kommisje lyts begûn en sjoch ris wêr’t wy bedarre binne: 3x de Lawei fol en 2x Snits fol en nóch binne der minsken dy’t te let wiene foar kaartsjes. Dus der is nóch mear belangstelling! Ûnferstelber moai om te sjen wat der ûntstean kin! Bysûnder dat wy yn de rin fan it proces ús regisseur Tjerk Kooistra mei syn technyske mannen op it spoar kamen! Doe groeide it projekt ynienen hiel hurd! Doe ek noch ús tekenaar Evert Kluter! En fansels hiene wy al ús tekstskriuwer Folkert Verbeek én boppe al ús komponist, dirigent en ynspirator Hindrik vd Meer! Wat hawwe wy meiïnoar in prachtige gearwurking hân. It wie echt fantastysk!
Tagelyk witte wy dat it ferhaal fan Ruth ek hjoed-de-dei noch tige aktueel is. Der binne noch in protte Naömi’s op de flecht foar honger of oarloch en in protte Ruth’s op syk nei in nij thús. Ek wurde altyd wer minsken troffen troch ferlies fan neisten. Wy hoopje dat dizze musical mei holpen hat ús herten waarm te hâlden foar minsken yn need!
Om sá in musical op de planken te bringen, dat is ûngelooflik moai! Foar wa’t noch neigenietsje wol: der is in professionele DVD makke, kosten 10 euro, te bestellen fia nibori62@hetnet.nl
Tige tank foar al jim belangstelling!

eigendom piet douma

eigendom piet douma

2015-11-15 Ruth rippetysje Weidum tvdv (25)2015-06-14 16.03.472015-06-14 15.52.07

2015-11-15 Ruth rippetysje Weidum tvdv (21)DSC_2801